Drachtster húsdokter: "Fertrietlik dat pasjint no dupe is"

21 okt 2016 - 12:29
It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It is in tige fertrietlike saak dat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten in pasjintestop ynsteld hat. Dat seit Wim Brunninkhuis, dy't al 32 jier húsdokter yn Drachten is. Nije pasjinten mei klachten dy't net akút binne, wurde by Nij Smellinghe pas nei 1 jannewaris takom jier wer holpen.

Neffens de direksje is dat nedich, omdat it sikehûs gjin jild mear hat foar dit jier. Neffens Brunninkhuis wurdt de pasjint de dupe fan it feit dat Nij Smellinghe mear pasjinten út oare regio's en Grins holpen hat. "Treurig dat meerwerk niet wordt beloond."

Trochferwize nei oare sikehuzen

Brunninkhuis sil syn pasjinten besykje troch te ferwizen nei oare sikehuzen. "Maar mijn inschatting is dat het daar na een aantal weken net zo goed verstopt raakt." Brunninkhuis fynt dat Nij Smellinghe net ferkeard hannele hat. "Het ziekenhuis in Drachten heeft patiënten uit andere gebieden geholpen, onder andere patiënten van MCL in Leeuwarden die minder mensen heeft kunnen helpen door hun nieuwe patiëntensysteem. Nij Smellinghe moet nu gewoon de kosten vergoed krijgen van de zorgverzekeraars, kosten die andere ziekenhuizen nu niet hebben gemaakt. Ze moeten dat op korte termijn regelen, want de patiënt is nu de dupe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)