Gjin nij ûndersyk nei moard Michael de Vrieze

Der komt gjin nij ûndersyk nei de moard op Michael de Vrieze út Boerum. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert freed besletten. De advokaat fan de fertochte hie frege om in nij ûndersyksteam foardat it heger berop behannele wurdt. Neffens de advokaat rammelet de saak oan alle kanten. It soe neffens him goed wêze as in nij team mei iepen fizier nei de saak sjen soe. It Iepenbier Ministearje wie it der net mei iens en ek it gerjochtshôf gie net yn dat fersyk mei.
Fermissing
Michael de Vrieze ferdwûn yn 2010. Tocht wurdt dat syn húsgenoat him om it libben brocht hat. Der is bloed fan De Vrieze fûn yn it hús dêr't de manlju wennen. It lichem fan de Boerumer is lykwols noait fûn. Dochs is de fertochte earder feroardiele foar moard. Hy krige doe tolve jier selstraf.
It Hôf fynt dat der genôch ûndersyk dien is. Under oaren troch it NFI. Op basis fan it lêste ûndersyk waard de fertochte al op frije fuotten steld.
De fertochte sit net hjir fêst, mar is yn Turkije. Dêr hat er in skoft fêstsitten yn in sel. Hy is it lân útset troch de IND en mei Nederlân net yn. Dochs wol de man graach by de behanneling fan it heger berop wêze. It Iepenbier Ministearje moat dat fan de rjochter ek regelje.
Wannear't it heger berop behannele wurdt, moat noch fêststeld wurde.