Sjongeres Iris Kroes bestellen fan beurs en tas

21 okt 2016 - 09:35
Iris Kroes - Foto: ANP

Sjongeres Iris Kroes is tongersdei bestellen fan har tas en beurs. Se hie har guod yn Utrecht yn har auto lizze litten, en doe't se werom kaam wie it rút oan de passazjierskant fan de auto stikken slein. De beurs en tas wiene nearne mear te bespeuren. Kroes docht op twitter in oprop oan de dief om har guod werom te bringen. De sjongeres krijt op social media stipe, mar ek kommentaar. Minsken fine it net te begripen dat Kroes har tas en beurs yn Utrecht yn de auto lizze litten hat.

Se reagearret dêrop dat se it yn Fryslân net wend is om har auto folslein leech te heljen, en dat se der dus net oer neitocht hie: "Fryslân he. Nog nooit hierover nagedacht überhaupt." sa skriuwt se op twitter.

Trefwurden: 
Iris Kroes
(Advertinsje)
(Advertinsje)