Fruitkwekers sitte mei goeie risping mar minne merk

21 okt 2016 - 08:23

It is in wat dûbel gefoel foar de kwekers fan apels en parren dit jier. Oan de iene kant wie de risping fan dit seizoen hiel goed. Troch de moaie neisimmer binne der in soad fruchten fan de beammen ôfkaam. Mar dat hat ek in neidiel: der is op it stuit in grut lanlik oerskot oan apels en parren. De priis is dêrtroch leech en de kwekers bliuwe mei in grut part fan harren risping sitten. Dat komt ek troch de Russyske boykot, dat lân ferbiedt nammentlik de ymport fan alle griente en fruit út de Europeeske Uny.

Fia in Europeeske regeling wurde miljoenen kilo's fan de merk helle, om foar te kommen dat de priis noch fierder sakket. In part fan de risping wurdt brûkt om bygelyks biogas fan te meitsjen, ek de voedselbanken yn ús lân krije in soad apels en parren.

Trefwurden: 
fruitkweker
(Advertinsje)
(Advertinsje)