Plysje moat twa kear yngripe by dronken Ljouwerter

21 okt 2016 - 07:47
Foto: Omrop Fryslân

In dronken Ljouwerter krige tongersdei oant twa kear ta besite fan de plysje. Earste hawwe plysjeminsken de 37-jierrige man ophelle by in snackbar yn de Bilgaardpassaazje. Hy wie dronken en ferfelend en dêrom hiene meiwurkers de plysje belle. Dy hat de man in boete jûn en thúsbrocht. In oantal oeren letter krige de plysje in melding fan fernieling yn de Eikenstrjitte. Dêr hie in man in doar fernield. In befeiliger hâlde de man oan en droech him oer oan de plysje. It die bliken dat it deselde dronken man wie dy't earder yn de snackbar west hie.

Dit kear hat de plysje de man net thúsbrocht, mar meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)