Kollum: "Yn debat oer it debat"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
"Om hielendal wis te wêzen, haw ik it noch mar ris opsocht yn it wurdboek: debat. 'Gedachtewisseling, bespreking van het voor en tegen', seit Van Dale. Dat hie ik dus al goed ûnthâlden. It leit dan miskien net oan my, dat ik mei grutte ferwûndering seach nei it debat tusken de Amerikaanske presidentskandidaten Donald Trump en Hillary Clinton.
Yn ús nacht fan woansdei op tongersdei wie it lêste fan trije telefyzjedebatten tusken Trump en Clinton. Trump leit yn 'e peilingen fier efter op Clinton, en dat betsjut dat Trump him net mear beheind liket te fielen troch reedlikens. Net dat er dit earder al die, mar goed.
Dit is it fragmint dat it measte yn de media kaam is nei ôfrin. De sjoernalist fan Fox News freget oft Trump absolút it resultaat fan de ferkiezingen akseptearje sil. Trump seit: dat besjoch ik dan wol.
Moast dy ris foarstelle datst Kolonisten of Monopoly mei immen oan it spyljen bist. Dat it derop liket dat dyn freon ferliest, en dan healwei seit: ik sil wolris sjen oft ik de útkomst hjirfan akseptearje. Superirritant.
Ik hie it oer debat. Of wat dêrfoar trochgean moat; foar 'gedachtewisseling'. Want dêr like it net op. Nim dit no; nei in lyts oere yn it debat fan woansdei freget de sjoernalist Trump wat hy te sizzen hat op dat der in tal froulju binne dy't him beskuldigje fan oantaasting.
It is fiksje, en wat net fiksje is: de e-mails fan Hillary… Oan sa’n antwurd hawwe jo neat, en in gedachtewisseling is it wis net. Hillary kin der ek wat fan. It giet oer Bin Laden…
Op it momint dat se Bin Laden pakten, siet Trump yn in feestlik telefyzjeprogramma, seit se. Wêr is dat krekt in argumint foar?
It soe allegearre net sa slim wêze, wannear't dit net oer de takomstige presidint fan Amearika giet. Dit giet oer de ferkiezingen fan de machtichste persoan op ierde. Je sille mar stimme meie yn Amearika, en dan in kar meitsje moatte op basis fan dizze troep.
Net yngean op wat de oar seit, gjin antwurd jaan op fragen en begjinne te razen wannear't it je net befalt. Dizze wize fan debattearjen liket in toan te setten. Jo sjogge it ek werom yn online diskusjes: immen makket earne in punt oer, en oaren helje der dan fan alles by dat der neat mei te krijen hat en begjinne te skellen wannear je dêr wat fan sizze.
Guon sizze dat it wylde tiden binne en dat we no mear tsjinoer inoar stean as ea. De skiednis wiist oars út, mar mei ien saak giet op it stuit hielendal mis: debatten."