Gjin sportproteze: "Joël (14) wurdt diskriminearre"

De 14-jierrige Joël de Jong út Harns wurdt diskriminearre, om't syn sportproteze net fergoede wurdt. Dat fynt jurist Wim Peters fan Grou. Joël mist troch kanker in grut part fan syn skonk. Dêrtroch kin er net sporte en ek net meidwaan oan gymnastyk op skoalle en dêr hat er wol alle rjocht op, seit Peters.
Peters promovearret op ûndersyk nei de rjochten fan hendikepten. Neffens it VN-ferdrach foar de rjochten fan hendikepten moat it gewoan fergoede wurde troch de soarchfersekerder. Joël krijt no net deselde kânsen as net-hendikepte bern.
Boppedat is Joël learplichtich en moat er oan gymnastyklessen meidwaan kinne. Joël sil no noch gjin rjochten oansprekke kinne fanút it VN-ferdrach, want Nederlân hat dat ferdrach noch mar sûnt dizze simmer ratifisearre, oftewol bekrêftige en goedkard. Mar yn de takomst moatte hy en oaren yn deselde situaasje dat dus wol kinne. Yntusken binne der aksjes op tou set om de 9000 euro foar in sportproteze op it kleed te krijen, sadat Joël wol wer sporte kin.