Rêdingsaksje foar 60.000 'gouden' blomkoalen

20 okt 2016 - 21:15
Blomkoal wurdt giel as it te lang yn de sinne leit

Der wurdt aksjefierd tsjin it ferneatigjen fan 60.000 blomkoalen. Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is sneon in manifestaasje mei de namme 'Red 60.000 Gouden Bloemkolen'. Oanlieding foar de aksje is de mooglike ferneatiging fan 60.000 blomkoalen yn Noardwest-Fryslân. Se binne giel wurden troch de sinne en dêrom net te ferkeapjen oan supermerken.

De organisaasjes De Streekboer en Downtop fine de ferneatiging gjin goede saak en se komme yn aksje. De blomkoalen wurde yn de Blokhúspoarte ferkocht en in kok makket der gerjochten fan.

Skande fan dy skoandere blomkoalen

Alef Dekker fan Downtop en Janco Heida fan De Streekboer hawwe de blomkoal-aksje opset. Se binne tige motivearre om de blomkoalen te rêden. "Er waren zoveel reacties van verdrietige, maar ook boze consumenten, dat we extra gemotiveerd zijn om onder de vlag van No Waste er alles aan te doen wat nodig is om de vernietiging van deze mooie bloemkolen te voorkomen. Omdat de bloemkolen een beetje gelig zijn en heel mooi rijp, is de reddingsactie gedoopt tot 'Red 60.000 Gouden Bloemkolen!"

Blomkoalbus

Njonken de manifestaasje fan sneon, rydt der ek in Gouden Bloemkool Expressbus, wurket in sjef-kok oan in 'smaaksensaasje' en binne der plannen foar de ûntwikkeling fan nije produkten makke fan blomkoalen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)