Wurkleazen kinne wer oan de slach

20 okt 2016 - 20:42

It giet wer wat better mei de wurkgelegenheid yn Fryslân. Benammen yn de bousektor is dat goed te fernimmen. In soad wurkleazen hawwe de ôfrûne tiid wer in baan krigen, ek fêst wurk foar langere tiid. It falt op dat der in soad fraach is nei faklju yn de bou. Neist elektrisiens en metaalbewurkers is de fraach nei timmerlju it grutst. Yn dy beroppen binne de measte fakatueres.

Neffens it UWV sit yn de Fryske hoareka ek groei. Wurkjouwers freegje hieltyd mear om personiel dy't de besikers fan Kulturele Haadstêd 2018 betsjinje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)