Steancaravan yn azc Sint-Anne útbaarnd

20 okt 2016 - 20:39
Foto: Kappers Media

Op it asylsikersintrum fan Sint-Anne is tongersdeitemiddei in steancaravan folslein útbaarnd. Troch de brân is de binnenkant fan de caravan ferlern gien en net mear bewenber. De bewenners fan de steancaravan koene der op 'e tiid út komme. Se binne net ferwûne rekke. Se sille no op in oar plak ûnderbrocht wurde.

It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)