"130 op A7 set libbens fan boargers op it spul"

Ungelok op A7 © De Vries Media
It ferheegjen fan de maksimumsnelheid nei 130 kilometer yn 'e oere op de A7 tusken De Tynje en knooppunt Drachten set libbens fan boargers op it spul. Dat seit de Miljeudefinsje yn in protest tsjin de plannen fan minister Schultz fan Ynfrastruktuer en Miljeu.
De organisaasje is benaud dat de lucht noch smoarger wurdt en dat dat skealike gefolgen hat foar omwenners. Miljeudefinsje freget de minister dan ek de snelheidsferheging tusken De Tynje en Drachten net troch te fieren.
Min foar de folkssûnens
Bram van Liere van Milieudefensie: "Het is allang bewezen dat sneller rijden slecht is voor de volksgezondheid en toch doet het Rijk alsof er niets aan de hand is." Ut ûndersyk fan ûnder oare it RIVM soe bliken dwaan dat Nederlanners troch fersmoarge lucht yn trochsneed trettjin moannen koarter libje.
Europeeske noarmen
Nederlân moat him oan Europeeske noarmen foar luchtkwaliteit hâlde, mar op guon plakken slagget dat net. It ferheegjen fan de maksimumsnelheid ferlytset de kâns dat Nederlân de kommende jierren wol oan de noarmen foldocht, fynt Miljeudefinsje.
Mear slimme ûngelokken
Miljeudefinsje sit ek yn noed oer de feiligens. Op diken dêr't al langer permanint 130 kilometer yn 'e oere riden wurde mei, wiene yn 2015 mear slimme ûngelokken. Bram van Liere: "Het Rijk zegt het aantal verkeersdoden en ernstig gewonden omlaag te willen brengen. Dat is dus een extra reden om de maximumsnelheid niet te verhogen."