Twangsom foar transportbedriuw dat regels skeint

20 okt 2016 - 20:10
(stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

In Frysk transportbedriuw is nei meardere ynsidinten op 'e fingers tikke, om't it de regels net goed neilibbe hat. Sa giet it bedriuw nettsjinsteande in fallisemint troch mei riden sûnder transportfergunning. De frachtweinen binne te swier laden en de technyske steat fan de frachtweinen is net yn oarder.

It bedriuw moat jild betelje yn de foarm fan in twangsom foar alle kearen dat se opnij guod ferfiere sûnder fergunning.

Trefwurden: 
transportbedriuw twangsom
(Advertinsje)
(Advertinsje)