Hûnen kinne yn Grou nei spesjaal boartersplak

20 okt 2016 - 19:58

Foar hûnen en harren baaskes is yn Grou in hûneboartersplak oanlein, flakby it akwadukt achter de fuotbalfjilden fan GAVC. Nei oardel jier lobbyen by de gemeente Ljouwert is de oanlis twa wiken lyn úteinset. In fjildsje no is it al hast klear.

Der binne slalompeallen, betonbuizen en springbalken. Op guon plakken kin de hûnebesitter de hûn útdaagje mei beleannings, dy't de bisten dan wol earst sels sykje moatte. Neffens inisjatyfnimster Alice Wildeboer is de foarsjenning belangryk om oerlêst troch hûnen en hûneskyt rsjin te gean.

De nije hûneboarterstún past goed yn in grutter projekt, wêrby't stikken grien ferbûn wurde mei kuierpaden. Op dy kuierpaden is dan ek wat te belibjen. Yn novimber giet de hûneboarterstún yn Grou feestlik iepen.

Trefwurden: 
hûneboartersplak Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)