Tbs mei twangferpleging easke tsjin hammerswaaier Noardwâlde

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in 27-jierrige man út Noardwâlde is tbs mei twangferpleging easke. De man sloech op 6 juny ferline jier in tal manlju mei in hammer. Hy siet op dat stuit yn in psychoze. Hy wurdt troch de offisier fan justysje beskuldige fan besykjen ta deaslach, slimme mishanneling en bedriging.
De fertochte nûge twa freonen by him thús út foar in bierke. De gasten waarden yn de wenning konfrontearre mei swart plestik op de flier. De fertochte hie tape klearlein en hy hie in hammer yn de hân. De freonen moasten op it plestik knibbelje.
Gjin grap
Earst tochten de freonen dat it in grap wie. Doe't de fertochte mei de hammer swaaide, wisten se dat it him tinken wie. Ien fan de freonen draafde de wente út om help te heljen, mar rekke ferwûne doe't er de doar hurd tsjin de noas krige.
Slim letsel
In buertbewenner dy't de wenning yngie om help te bieden, krige klappen mei de hammer. Ek waard de man skopt troch de fertochte. It slachtoffer rûn slim holleletsel op. Ek oare buertbewenners waarden mei de dea bedrige en in man waard mei in hammer op de noas slein.
Libbenslange behanneling
De offisier fynt dat de fertochte libbenslang behannele wurde moat. Dêrneist is der in skeafergoeding fan goed 10.000 euro foar de slachtoffers easke. De rjochtbank docht oer twa wike útspraak.