Wa moat it wurde: Donald Trump of Hillary Clinton?

De ôfrûne nacht wie it lêste grutte telefyzjedebat tusken de beide Amerikaanske presidintskandidaten: Donald Trump en Hillary Clinton. Hiel wat minsken hawwe nei it debat sjoen. It bliuwt spannend, mar it giet fansels om de post fan de machtichste man of frou foar de kommende fjouwer jier. Wy fregen twa Americawatchers, Bianca Pander en Minne Koopmans, wat sy krekt fûnen fan it lêste debat. Bianca sit yn it kampanjeteam fan Clinton, Minne is studint bestjoerskunde yn Amsterdam.
Goed begjin
''Ik fûn dat it debat oan beide kanten hiel goed begûn'', seit Bianca Pander. ''Se sprutsen hiel goed har eigen doelgroepen oan, fan it earste antwurd ôf eins al. Hilary wie folle feller as yn de earste debatten, dat foel my op. Se siet der boppe-op, wie selsfersekere en liet in goede yndruk achter. It wie it meast ynhâldlike debat dat we sjoen hawwe.
''Trump earst goed, dêrnei net mear''
''De earste tritich minuten wie Trump goed, dêrnei net mear'', sa seit Pander. Doe begûn er troch de mikrofoan te razen. Hy skelde en dat is net goed. Hy waard wat ûngeduldich.'' Neffens Minne Koopmans wie de Amerikaanske fêstgoedmagnaat yn it begjin wat te rêstich. ''Ik fûn him wat timide. Clinton wie feller. Geandewei feroare dat wol wat. Wat my fuortendaliks opfoel, wie dat se elkoar gjin hân joegen. Dat seit al in soad oer hoe't de ferhâldings tusken dy twa lizze.
Utspraken
Yn it debat foelen in pear útspraken fan Trump op. Sa sei er dat er net wit oft er de ferkiezingsútslach akseptearje sil. ''Hy wurdt ûngeduldich. Der binne dingen sein dy't net respektearre wurde troch de kiezers'', neffens Bianca Pander. Ek sei Trump dat de ferkiezings 'rigged' binne, dat der mei knoeid wurdt.
Media op de hân fan Clinton
Wat neffens Minne Koopmans net kin, mar wol sa is, is dat de Westerske media hiel dúdlik foar Hillary Clinton binne. ''Trump wurdt troch de media delset as in gefaarlike terrorist. Ek wurdt er beoardiele op dingen dy't er tritich of fjirtich jier lyn sein hat. By Clinton kinne jo jo ek rjochtsje op har 'e-mail-affêre', mar dat wurdt net dien.''
Oer twa wiken begjinne de Amerikaanske ferkiezings. Hast do al in idee wa't úteinlik beneamd wurdt ta presidint fan de Feriene Steaten? Reagearje dan op ús Facebook-side.