"Fytstunnel Sintrale As te steil foar âlderein"

De nije fytstunnel ûnder de Sintrale As by Hurdegaryp is te steil foar guon fytsers. Nei ûnderen giet bêst, mar om boppe te kommen moatte minsken flink op de pedalen. Alderein en hendikepten binne benaud te fallen mei de fyts. Se mije de tunnel.
De tunnel fan de Stasjonsstrjitte nei de Slachtedyk is der kaam nei in hantekeningaksje fan de Hurdegarypsters. Earst soe de dyk hielendal ôfsletten wurden foar ferkear. Mar om't de dyk brûkt wurdt troch fytsers dy't nei natuergebiet it Bûtenfjild wolle, kaam der dochs in in tunnel.
Fanwege it natuergebiet hat de tunnel in 'rekreatyf karakter' krigen, seit Willem de Boer fan de Sintrale As. De tunnel is steil omdat der te min romte is. "Dit is it maksimale wat helber is, om't de tunnel ynklemd sit tusken twa bochten. Doarpsbelang Hurdegaryp woe gjin bochten yn de tunnel hawwe", seit De Boer. Dêrom is de tunnel net neffens de rjochtlinen boud.
Tytsjerksteradiel is de behearder fan de tunnel. De gemeente sil struie yn de steile fytstunnel as it begjint te friezen.
Begjin takom jier wurdt der in tunnel boud foar trochgeand fytsferkear oan de westkant fan Hurdegaryp. Dy foldocht wol oan de rjochtlinen.