FIDEO: Grou nimt nei 125 jier ôfskied fan Halbertsma fabryk

20 okt 2016 - 16:35

Grou stiet op 28 en 29 oktober stil by it feit dat 125 jaar ferlyn is dat Hidde Halbertsma in stoomseagerij oprjochte. Dan is der in reüny fan âld-meiwurkers en nimt Grou ôfskied fan de namme Halbertsma's F.

Hidde syn stoomseagerij groeide út ta it Halbertsmafabryk. Yn de jierren '20 waarden dêr bûterfetten makke, letter doarren en noch wer letter houtprodukten lykas pallets. It fabryk naam yn de rin fan de jierren in grut plak yn yn it doarp. De helte fan it dorp wie fabryksterrein. In grut part fan de ynwenners wurke yn it fabryk.

Ald-meiwurkers Jan Pieter Rottiné en Yede van der Veen fertelle yn Hea! oer harren wurkperioade. Hoe’t it fabryk it hiele doarp opfretten hat en hoe’t de stoomfluit it ritme fan de ynwenners fan Grou útmakke. Moarns om sân oere wist elkenien dat it wurk losgie en om tsien oere siet elkenien yn it doarp oan de kofje.

Trefwurden: 
Halbertsma Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)