Wat besielet nonnen om yn it kleaster te gean?

20 okt 2016 - 16:13

Wat besielet nonnen om harren frijheid op te jaan en yn in kleaster te gean? Dat stiet sintraal yn de tentoanstelling "Wat bezielt je" yn it Karmelkleaster yn Drachten. De útstalling set sneon útein. Mei in app wurde besikers meinaam yn it libben fan de susters. Wat is it oan it kleasterlibben dat de suster sa oanlûkt? Hoe sjocht sa'n libben derút? En hoe wie it om famylje achter te litten? Omrop Fryslân socht twa susters op.

It gebou fan it Karmelkleaster bestiet dit jier tachtich jier. It is gjin offisjeel kleaster mear.

Trefwurden: 
Karmelkleaster Drachten non
(Advertinsje)
(Advertinsje)