Fertochten oanhâlden fan oerfal coffeeshop Wolvegea

De coffeeshop yn Wolvegea nei de oerfal © CAMJO media
De plysje hat fjouwer fertochten oanhâlden foar de oerfal op in coffeeshop yn Wolvegea op 16 jannewaris begjin dit jier. It giet om in 41-jierrige man sûnder fêst wenpak en trij manlju út Den Haag fan 22, 29 en 50 jier. Se binne tiisdei yn Den Haag oanhâlden.
By de oanhâlding is de 22-jierrige man yn de foet sketten, doe't er besocht út te naaien. Deselde man wie earder yn byld as fertochte fan in oerfal op in tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean, yn april dit jier.