Heech krijt lang om let nij grien doarpsplein

© OPB, Maikel Galama
Der is lang om let úteinset mei de oanlis fan it Groenplein yn Heech. Der waard al trije jier praat oer in nij grien doarpsplein, mar woansdei is dan einliks begûn mei de wurksumheden. It plein foar it doarpshûs moat in sfearfol en grien moetingsplak foar de doarpsbewenners wurde. Ek wurdt it plein geskikt makke foar eveneminten en optredens.
Foar de finansiering fan it Groenplein wûn de lokale doarpstúngroep ein 2014 al in priis fan 10.000 euro fan Groen Dichtbij. De gemeente Súdwest-Fryslân draacht mei in jildbedrach ek by oan de oanlis.