Fiif maatskiplike projekten wolle mienskipsstipe

Fiif maatskiplike projekten út de gemeente Ljouwert sille meikoarten los mei in crowdfundingkampanje. It giet om in hiphop festival yn Ljouwert, de Samenloop voor Hoop, in multykulturele keuken yn de Oldegalileën, de histoaryske Zetzema-float yn Grou en om in skatepark, ek yn Grou.
De fiif projekten hiene woansdei harren twadde trainingsjûn fan Crowdfunding Fryslân en koene dêr harren presintaasjes oefenje en oanskerpje. Ek krigen se ferskate praktyske advizen fan crowdfunding-trainer Tim Aarts.
Dy advisearre harren om de latte net te heech te lizzen, as it giet om it jildbedrach, en ek om goed te tinken om de tsjinprestaasje dy't je de jildsjitters jaan kinne.
Hege ambysjes
De ambysjes by de fiif projekten lizze wol heech. Samenloop voor Hoop Ljouwert is op syk nei 10.000 euro foar de organisaasje fan de earste Samenloop yn Ljouwert yn juny fan 2017. It Ljouwerter Collectief wol 15.000 euro binnen helje foar it alderearste Ljouwerter hiphop festival, ek kommend jier. De Stichting Mahatma Gandhi fan de Hindoestaanske mienskip sil op syk nei 20.000 euro foar in multykulturele keuken yn de Ljouwerter Oldegalileën. Der waarden ek twa Grouster projekten presintearre: it play- en skatecourt Grou wol 15.000 euro ophelje as bydrage oan in skatepark yn sportpark Meinga. Soks moat der gau komme, want foar de jongerein is no gjin donder te dwaan yn Grou, sizze de inisjatyfnimmers. In hiel oar Grouster projekt is it byinoar bringen fan de histoaryske Zetzema sylskippen foar de ferhier oan bysûndere doelgroepen. Dit projekt is op syk nei 10.000 euro foar it nedige ûnderhâld oan de boaten.
Kânsrike projekten
Trainer Tim Aarts fynt alle fiif projekten kânsryk, al ferwachtet er net dat se allegearre tagelyk úteinsette sille. Guon hawwe nei alle gedachten noch wol in wykmannich nedich foar fierdere tariedingen. It giet der by mienskipsstipe neffens Aarts foaral om it bekend meitsjen fan de projekten en ek om te bewizen dat der draachflak en belangstelling foar is. De crowdfundingkampanje mei net langer duorje as seis wike. It is dêrby ek fan belang om út te gean fan in realistysk doel. Je kinne better súksesfol wêze mei in wat leger bedrach as in kampanje mislearje litte, sa sei er. De kampanjes sille folge wurde troch ûnder oare it Mienskipsfûns en it Ljouwerter Undernimmersfûns. Dy sille sa sjen hokker fan de maatskiplike doelen sy stypje kinne.