Steatefraksje CDA: "Tsjinstregeling NS moat feroare wurde"

19 okt 2016 - 18:10
Trein op it stasjon fan Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De nije tsjinstregeling fan de NS is net foardielich foar Fryslân en dêr moat wat oan dien wurde. Dat fynt de Steatefraksje fan it CDA. De nije tsjinstregeling fan de NS hâldt yn dat de stoptreinen fan Ljouwert nei Zwolle fan 12 desimber ôf fuortgean om acht en tweintich minuten oer it oere. Dit betsjut dat der tolve of 48 minuten wachte wurde moat op in trein.

Neffens it CDA kin dizze ferdieling better. De partij wol net dat der wachte wurdt oant it folgjende evaluaasjemomint fan de NS yn febrewaris takom jier.

Deputearre Johannes Kramer wurdt dêrom oproppen om fuortendaliks aksje te ûndernimmen om wat oan de nije treintiden te dwaan.

Trefwurden: 
tsjinstregeling NS
(Advertinsje)
(Advertinsje)