Swierferwûne troch traap fan hynder

19 okt 2016 - 18:00
Foto: Nick den Boer

In hynder hat in noch ûnbekend persoan woandeitemiddei swierferwûne op in maneezje oan de Ludingawei yn Harns. It hynder joech it slachtoffer in traap. Der is in traumahelikopter oproppen foar it ûngelok en dy hat it slachtoffer oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

It is noch net bekend wêr't it slachtoffer rekke is troch it hynder en hoe't hy of sy der oan ta is.

Trefwurden: 
hynder ferwûne maneezje Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)