Snitser moat sitte foar stellerij en bedriging

19 okt 2016 - 17:26
Justysje - Foto: ANP XTRA

In ynwenner fan Snits moat fan de rjochter trije moanne de sel yn, fanwege stellerij fan parfum en bedriging. De 22-jierrige man naam yn septimber sûnder te beteljen twa fleskes parfum mei by in drogist yn Snits. Nei de stellerij besocht de bedriuwslieder de man tsjin te hâlden, mar dy bedrige him dêrop.

De man naaide út, mar koe úteinlik troch de plysje oanholden wurde. Underdiel fan de trije moanne selstraf is in earder opleine straf ûnder betingst fan twa moanne. Dy moat de man no ek útsitte, omdat er yn syn proeftiid yn oertreding gie.

De man woe hjoed by de sitting neat sizze, earder ûntkende er de stellerij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)