Duorsume huzebesitters stelle hûs iepen

19 okt 2016 - 16:33
Sinnepanielen - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân siket minsken mei in duorsum hûs om dêroer te fertellen oan ynwenners fan de gemeente. Minsken dy't sinnepanielen op it dak ha en sunige CV-tsjettels en goede isolaasje moatte har hûs ek iepenstelle.

De gemeente wol op 5 en 12 novimber meidwaan oan de Nasjonale Duorsume Huzerûte. Ynwenners kinne mear ynformaasje krije oer it enerzjysunich meitsjen fan har hûs.

Dielnimmers kinne har oanmelde op www.duurzamehuizenroute.nl.

Trefwurden: 
duorsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)