Melkfeehâlders wolle dúdlikheid oer fosfaatrjochten

Melkfeehâlders fiele harren bedondere en hawwe har nocht fan de ûndúdlikheid oangeande fosfaatrjochten. Fosfaat sit yn dong en dêr produsearje boeren tefolle fan en it is skealik foar it miljeu. Steatssekretaris Van Dam soe yn jannewaris mei in nije fosfaatwet komme, mar dat is mei in jier útsteld.
In groep lulke boeren ropt kollega's op om filmkes nei de steatssekretaris te stjoeren mei de hashtag 'laarzenactie'. Yn de fideo's fertelle boeren wat de sitewaasje mei har en har famylje docht en dogge se as protest de learzens út.
Oerskot
In protte boeren ha nei it ferdwinen fan it molkkwotum keazen foar útwreiding fan it bedriuw en dus foar mear kij. No is der in oerskot oan kij, kowedong en fosfaat. Yn 2015 is yn Nederlân 176,3 miljoen kilo fosfaat produsearre. Dat is 3,4 miljoen mear as it Europeeske fêststelde maksimum. In grut diel dêrfan komt út de melkfeesektor. It giet om 17.000 melkfeehâlders yn Nederlân.
Kompas
Janita ten Berge, melkfeehâlder út Steggerda, wit it as ûndernimmer net mear. "Ons kompas is weg, de spelregels worden zo snel veranderd, daar kunnen we niet op koersen. Dit kan boeren de kop kosten en er zullen zeker honderden koeien moeten worden afgemaakt." De boeren freegje oan de steatssekretaris oft er binnen twa wiken mei in oplossing komt.