Twatûzen fans by hantekeningsesje SC Hearrenfean

19 okt 2016 - 15:55
Teamfoto SC Hearrenfean 2016-2017 - Foto: AWfoto.nl

Sa'n 2000 Hearrenfean-fans hawwe lâns west by de hantekeningsesje fan de klup. Dy sesje waard woansdeitemiddei tusken twaen en trijen hâlden yn it stadion. De fans lieten de spilers ûnder oare tekenje op skilderijen, dekbêden en tafelfuotbalspullen, sa lit de klup op Twitter witte. De hantekensesje soe ôfrûne moandei al hâlden wurde, mar troch it ferpleatsen fan de wedstriid tsjin Grins wienen dan net alle spilers oanwêzich. Fans moasten har yn it foar oanmelde foar it evenemint.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)