FIDEO: Joël de Jong siket jild foar in sportproteze

19 okt 2016 - 14:58

Joël de Jong fan Harns is hiel sportyf, hy mei graach fuotbalje en tennisje. Troch botkanker mist de 14-jierrige in grut part fan syn skonk en dêrom is it lestich om te sporten. Wêr't Sport Fryslân en de Fryske gemeenten jongeren mei in beheining mear oan it sporten krije wolle, bliuwt Joël oan de kant sitten.

In sportproteze soe him helpe kinne, mar soks wurdt net fergoede troch de syktekostefersekerder. Dêrom siket er finansjele stipe en hat er kontakt opnaam mei it Foppe Fûns. Dy sil helpe.

Op Facebook stiet in oprop en dêr komt al aardich wat reaksje op. In soad minsken wolle graach meihelpe en hawwe al donearre.

(advertinsje)
(advertinsje)