SC Cambuur wachtet mei it oanstellen fan in nije trainer

19 okt 2016 - 14:53
It fuotbalfjild van SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der komt foarearst gjin opfolger foar Rob Maas, de Cambuurtrainer dy't sneon dien krige. De klup nimt de tiid om in nije trainer te finen, sa is bekend makke. Maas syn eardere assistinten, Sipke Hulshoff en Arne Slot, nimme de kommende tiid it haadtrainerskip op harren.

Assistint-trainer Jan Bruin en keeperstrainer René Ponk sille it duo bystean. SC Cambuur lit yn 'e midden hoe lang as dizze sitewaasje duorje sil, mar seit wol alle tiid en rêst te nimmen foar it finen fan in nije trainer.

Ek de posysje fan technysk direkteur moat opnij ynfolle wurde, omdat Henry van der Vegt sneon opstapt is nei it ûntslach fan Rob Maas. Neffens direkteur Ard de Graaf is it oannimlik dat der earst in technysk direkteur oanlutsen wurdt, ear't der in nije haadtrainer komt. Gerald van den Belt wurdt neamd as kandidaat foar dy funksje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur trainer
(Advertinsje)
(Advertinsje)