Daklear rekket yn brân yn De Westereen

19 okt 2016 - 14:44

Yn De Westereen hat woansdeitemiddei koart brân west op it dak fan in huzeblok oan de Salomon Levystrjitte. De brân ûntstie by dakdekkerswurk. Dêrby fleach it daklear yn 'e brân en dat fjoer sloech oer nei it neistlizzende dak. Ut foarsoarch binne de huzen ûntromme, ek de dakdekkers koenen op tiid fuortkomme.

Foar it bluswurk binne neist twa brânwachtauto's ek in heechwurker ynset. Om goed by it fjoer komme te kinnen, moasten dielen fan it dak fuorthelle wurde.

Trefwurden: 
brân De Westereen
(advertinsje)
(advertinsje)