Nijkleaster fiert jierdei mei útstalling Jentsje Popma

De stichting Nijkleaster fiert op snein 30 oktober de fjirde jierdei mei in útstalling mei wurk fan Jentsje Popma. De Fryske skilder hat syn atelier mei alle wurken dêryn oan de stichting skonken. Op de fjirde jierdei binne ek noch trije workshops en in kleasterkuier.
Nijkleaster rjochtet him op minsken dy't stilte, besinning en ferbining sykje. De stichting hat as útfalsbasis in boerepleats yn Jorwert. Se hâlde gearkomsten en kuiertochten.