Sikehûs Sionsberg yn Dokkum kin wer trije jier foarút

19 okt 2016 - 12:12

Sikehûs Sionsberg yn Dokkum kin wer trije jier fierder mei de polyklinyske soarch. It sikehûs is ta in oerienkomst kommen mei soarchfersekerder De Friesland. Dy woe it kontrakt opsizze, om't it sikehûs him net oan de ôfspraken hâlde soe.

Yn it nije kontrakt wurdt regele dat yn it Dokkumer sikehûs inkeld licht spesjalistyske behannelings dien wurde sille.

Trefwurden: 
Sionsberg sikehûs Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)