Stroomsteuringen op ferskate plakken

19 okt 2016 - 09:57
Foto: De Vries Media

Rûnom yn Fryslân binne woansdeitemoarn meardere stroomsteuringen. Yn Harns, Dronryp, Ryptsjerk, Gytsjerk en Drylts binne monteurs fan Liander dwaande mei it ferhelpen fan de steurings. In grut diel fan Dokkum hie earder op de moarn lêst fan in stroomsteuring, benammen winkels en bedriuwen yn it sintrum.

UPDATE: Neffens netbehearder Liander is der gjin ferbân tusken de stroomsteuringen. Yn Ryptsjerk en Gytsjerk soarge kabelskea foar de steuring. Yn Dokkum, Harns, Drylts, Jorwert en Dronryp gie it om saneamde spontane steuringen.

By spontane steuringen is der gjin oanwiisbere oarsaak te finen foar it útfallen fan de elektrisiteit. Yn dizze plakken gie it om lytse steuringen by in beheind tal hûshâldens.

Trefwurden: 
Dokkum Harns stroomsteuring
(advertinsje)
(advertinsje)