Raam soarget foar konsternaasje yn Mûnein

© Plysje NOF
De plysje yn Noardeast-Fryslân is tiisdeitenacht mei meardere auto's útriden foar in raam. In tsjûge belle de plysje moarns betiid om fiif oere hinne dat yn in hûs yn Mûnein ynbrutsen wurde soe. Doe't de plysjes oankamen, die al gau bliken dat it om in losbrutsen mantsjeskiep gie, dy't himsels yn it glês seach en dêrom de oanfal iepene.
Twa ruten rekken bot skansearre, it raam wie sels lichtferwûne oan de kop. Neffens de plysje giet it nei omstannichheden goed mei it bist.