Twadde nacht Strontrace: fan wynstil oant tonger en hagel

De twadde nacht fan de 43e Strontrace wie in pittigenien. It KNMI hie koade giel ôfjûn en de waarsomstannichheden wiene tige wikseljend: fan wynstilte oant tonger en hagel.
De earste twa skippen fan de beurtfeartklasse binne al werom yn Warkum. Oaren binne noch yn Durgerdam en moatte de weromreis noch meitsje. Ien skip hat opjûn. De bemanning moast hiele tiid yn de beage en se wiene út de liken. Dat twa skippen al oankaam binne, seit noch neat oer de útslach. Dy wurdt oan de hân fan ferskate kritearia bepaald.
De histoaryske sylskippen farre mei de Strontrace fan Warkum nei it Súd-Hollânske Warmond en werom. Tiisdeitenacht wiene 27 skippen ûnderweis. Elk skip ferfiert sekken (keunst)dong dy't yn Warmond symboalysk oanbean wurde, mar dy't yn it ferline ferkocht waarden oan keapers yn de bollestreek. Der binne twa klassen wêrûnder de beurtfeartklasse,