Oerienkomst Sionsberg en De Friesland yn 'e maak

It liket derop dat der in oerienkomst is tusken De Friesland Zorgverzekeraar en de eigeners fan sikehûs Sionsberg. It mooglik opsizzen fan it kontrakt troch De Friesland is fan de baan, sa seit Stichting Red De Sionsberg.
Yn plak dêrfan komt der in kontrakt fan trije jier, wêryn't Sionsberg licht spesjalistyske help biedt kin oan pasjinten. Sa is in ein kaam oan alle ûndúdlikheid foar pasjinten en personiel. Der binne noch gjin kontrakten tekene en de aksjegroep moat it allegear earst noch sjen. "De flagge kin foarsichtich út."
"Dy kin pas hielendal út as de arrogante hâlding en bemuoisucht fan de soarchfersekerder dien is", sa seit Red de Sionsberg. De Friesland woe earder it kontrakt opsizze, om't it sikehûs him net oan de ôfspraken hâlde soe en mear soarch levere as ôfpraat.