Ien ferwûne by oanriding Surhústerfean

18 okt 2016 - 21:14
Foto: De Vries Media

By in frontale botsing op de Vierhuisterweg by Surhústerfean is tiisdeitejûn ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer moast troch de helptsjinsten út de auto helle wurde en waard op it plak fan it ûngelok behannele. De dyk wie in skoft ôfsletten foar it ferkear. Der wurdt ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Surhústerfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)