Redstack Snits Nasjonaal Ikoan

18 okt 2016 - 19:17

In útfining fan it Snitser bedriuw Redstack is tiisdeitejûn útroppen ta 'Nationaal Icoon'. It giet om de saneamde-technology reverse electro dialysis (RED). Dêrmei kin duorsume enerzjy helle wurde út de ferskillen yn sâltgehalten tusken sâlt en swiet wetter. De enerzjy is better bekend as blue energy. Hy wurdt al tapast op de Ofslútdyk.

De bekendmakking waard dien yn it populêre TV-programma De Wereld Draait Door. Redstack wie nominearre mei noch njoggen oare ynnovative projekten.

Hjirút binne trije winners keazen dy't de titel Nasjonaal Ikoan drage meie. De winners krije stipe fan it kabinet foar de fierdere ûntwikkeling fan harren ynnovaasje. Redstack is in spin-off bedriuw fan wettertechnology-ynstitút Wetsus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)