Gerben Huisman heechste Fries op kandidatelist ChristenUnie

18 okt 2016 - 18:41

Gerben Huisman fan Ljouwert is de heechste Fries op de kandidatelist fan de ChristenUnie. De 39-jierrige Huisman is op dit stuit griffier fan provinsjale steaten. Hy stiet op de list op it alfde plak.

De ChristenUnie hat fiif sitten yn de Twadde Keamer, yn de meast resinte peilings stiet de partij op acht sitten. Mocht Huisman net yn de Keamer komme, dan stiet er iepen foar in oare bestjoerlike funksje. Sa waard ChristenUnie-steatelid Anja Haga okkerdeis wethâlder yn Arnhem.

Besjoch hjirre de folsleine útstjoering fan it Polytburo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)