Anja Haga stiet op listtriuwersplak ChristenUnie

18 okt 2016 - 18:19
Anja Haga oan har buro yn Arnhem - Foto: Omrop Fryslân - René Koster

Anja Haga út Dokkum stiet op it alderlêste plak op de konseptkandidatelist fan de ChristenUnie foar de Twadde Keamerferkiezings yn maart 2017. By de foarige ferkiezings stie Haga op it achtste plak.

De politika hat der sels foar keazen om op it listtriuwersplak te stean. 'Ik ambieer op dit moment geen plek als kamerlid, maar vind het belangrijk dat er verschillende Friezen op de lijst staan." seit Haga, dy't op dit stuit wethâlder is yn de gemeente Arnhem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)