Film 'Wad, leven op de grens van water en land' komt der

18 okt 2016 - 17:47

De film 'Wad, leven op de grens van water en land' fan filmmakker Ruben Smit komt der definityf. Dy stelling doart Smit no wol oan. Noch net al it jild is binnen, mar Smit is fol fertrouwen dat dat wol goed komt. "Je moet altijd voorzichtig zijn en er lopen ook nog wel aanvragen. Maar ik ben positief en durf de stelling nu wel aan", seit Smit.

De makker fan 'De Nieuwe Wildernis' wit net krekt hoefolle oft de produksje yn totaal kostet. "De Nieuwe Wildernis kostte 1,5 miljoen. Dat is best veel voor een natuurfilm. Maar dit is duurder."

"Het is logistiek veel ingewikkelder om er te komen en te filmen", aldus Smit.

Positive reaksjes

Moandei publisearre er foar it earst in 'teaser' fan de film. En dêr krige er hûnderten reaksjes op. Hy wie tige ynnommen mei de kommentaren. "Mensen zeiden dat ze er stil van waren. Een supermooi compliment." Want dat is wat Smit berikke wol. Dat minsken stil wurde en ûnderfine hoe't it op it Waad is. "Je hoort het ruisen van de wind, van het zand en de kakafonie van de vogels."

Film moat klear wêze yn 2018

De bylden binne mar in fraksje fan wat er sjen litte wol. Foar it edukaasjeprojekt foar bern hat er sawat de helte fan de bylden filme. Foar de telefyzjeproduksje en de film minder as de helte. Yn 2018 moat de film klear wêze. Smit ferwachtet de kommende moannen in soad op it Waad te wêzen. "Hoe ruiger de omstandigheden, hoe meer wij er zullen zijn. We zoeken uiteraard de randen op. Leven en dood. Het hoort er allemaal bij."

Trefwurden: 
Ruben Smit Wad
(Advertinsje)
(Advertinsje)