Restauraasje Helomaslûske is hast klear

18 okt 2016 - 17:25
It feanslûske Helomapolder by Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân

It Helomaslûske by Wolvegea krijt letter dizze wike syn doarren werom. It iuwenâlde houten slûske wurdt op dit stuit restaurearre. It is dêrfoar út it wetter helle en ferrotte stikken wurde ferfongen. It slûske wie earder fan de famylje Van Heloma, mar waard yn 1952 oerdroegen oan It Fryske Gea. Dy kin it troch finansjele bydragen fan fûnsen en stichtingen opknappe litte.

Trefwurden: 
Helomaslûske Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)