Nije eksposysje Friesland Onder Water yn 2018 klear

18 okt 2016 - 17:23

De eksposysje Friesland Onder Water yn Natuurmuseum Fryslân is meikoarten net mear te sjen. Sûnt de iepening yn 1993 is de útstalling populêr. Yn 2005 is de tentoanstelling fernijd. Der komt in folslein nije Friesland Onder Water om't it museum der 400 kante meter by krijt nei't it depot nei it Kolleksjesintrum ferhuze is.

Yn de romte komt in soarte fan attraksje, wêrby't besikers mei karkes by de 3D-eksposysje delriden wurde. It bliuwt noch wol ûnder wetter, mei omtinken foar swiet en sâlt wetter. Yn 2018 moat it iepen gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)