Bergveldpries útrikt foar 'Et Stellingwarver voegelboek'

18 okt 2016 - 16:57

Freddie de Vries en Ruurd Jelle van der Leij ha de H.J. Bergveldpries 2016 krigen foar har boek 'Et Stellingwarver voegelboek'. Dat is yn 2012 ferskynd. It winnende boek wurdt priizge om de tagonklike tekst fan Freddie de Vries, moaie foto's fan Ruurd Jelle van der Leij en de skitterjende útjefte.

De priis bestiet út in bedrach fan € 1.000,- en in spesjale penning makke troch Guus Hellegers. De folgjende Bergveldpries wurdt yn 2022 útrikt.

De H.J. Bergveldpries wurdt takend oan persoanen of ynstellingen dy't har ynsette om it Stellingwerfsk en de Stellingwerver streekkultuer út te dragen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)