EK kuorbal yn eigen lân is spesjaal foar Erwin Zwart

Takom wykein set yn Dordrecht it Europeesk kampioenskip kuorbal útein. Fan 22 oant en mei 30 oktober sil Oranje besykje har titel te ferdigenjen. Foar it earst sitte der mar leafst trije spilers fan in Fryske ploech yn de seleksje fan bûnscoach Wim Scholtmeijer: de LDODK-ers Erwin Zwart, Friso Boode en Marjolijn Kroon. Dy beide lêsten spylje sûnt dit jier op 'e Gordyk, Erwin Zwart spilet al syn hiele kuorballibben by LDODK. Foar Zwart wurdt it syn tredde grutte titeltoernoai, hy pakte earder al goud op in EK en WK.
Dat it EK dizze kear yn Nederlân is, makket it ekstra spesjaal.