FIDEO: De fjoertoer fan It Amelân beskilderje falt net ta

18 okt 2016 - 15:31

Rachel van Balen is sûnt ferline wike dwaande mei it beskilderjen fan de fjoertoer op It Amelân. It is in hiele put, mar de Grinzer keunstneres is al in hiel ein op wei. De toer wurdt beskildere
yn it ramt fan de keunstmoanne, dy't yn novimber is. Ut in heechwurker wei is se oan it wurk.

Se skilderet bisten dy't foarkomme yn de see tusken It Amelân en Skandinavië. Dat past by it tema fan de keunstmoanne: The Nordic Art Connection. Op 1 novimber moat it skilderwurk op de toer klear wêze. Nei in moanne giet it der wer ôf.

It wurk is te folgjen op Facebook

(advertinsje)
(advertinsje)