Twa Fryske amateurfotografen nominearre foar priis WNF

18 okt 2016 - 13:54
  • Anja Brouwer is nominearre yn fotowedstriid Frans Lanting Award fan it Wrâld Natuer Fûns

De Fryske amateurfotografen Noortje Russel fan Boyl en Anja Brouwer fan Dokkum binne nominearre foar de Frans Lanting Award, de grutste natuerfotowedstriid fan Nederlân. Fan de 11.000 ynstjoerde foto's waarden der tritich útkeazen, yndield yn trije leeftydskategoryen. Fan tiisdei ôf kin der stimd wurde foar de publykspriis op de webside fan it WNF. De winners wurde begjin desimber bekend makke.

De nominearre foto fan Anja Brouwer is makke op It Amelân, op de Feugelpôle.  Brouwer is hikke en tein op it eilân. Se hie ek noch in natuerfoto makke yn Súd-Afrika ynstjoerd, mar dy fan It Amelân waard útkeazen foar de wedstriid.

Noortje Russel makke in foto fan in mier dy't yn in Sineeske roas krûpte. "Dat viel niet mee, want de mier zat nauwelijks stil en verdween steeds uit beeld tussen de meeldraden'', sa seit de amateurfotograve. ''Op een gegeven moment zat hij bovenop een stamper, als op een uitkijktoren. Toen had ik de foto die ik wilde. Klik!"

(advertinsje)