Anni Friesinger libbet mei bestellen Renate mei

18 okt 2016 - 15:20

"Het is vreselijk wat er is gebeurd, dat mensen in jouw huis inbreken en in jouw privacy snuffelen," seit âld-reedrydster Anni Friesinger as reaksje op de stellerij by generaasjegenoat Renate Groenewold. Dy is sneontenacht bestellen fan al har gouden medaljes.

De dieven ha it hiele hûs yn Assen op de kop hân en alles fan goud meinaam, ek de gouden spjelde fan de KNVB en sieraden. Op souder fûnen se doazen mei de medaljes dy't se fan de linten knipt ha. De sulveren en brûnzen medaljes binne net meinaam.

Asociaal

"Het is asociaal dat anderen iets meenemen waar je zo hard voor hebt gewerkt en wat voor jou een speciaal moment is geweest" seit Anni Friesinger. "Maar die momenten zijn in je hart opgesloten. Dat anderen in jouw spullen graven vind ik het ergste." 

Anni en har man en âld-reedrider Ids Postma ha mei elkoar ek tsientallen medaljes wûn. "Ze hangen nergens, maar liggen op verschillende plekken. Sommige medailles liggen in een museum en andere heb ik weggegeven aan mensen die veel voor me hebben betekend." Dat ferdielen hat Anni lykwols net bewust dien om it dreger foar dieven te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)