Fryske wurknimmers binne langer en faker siik

18 okt 2016 - 12:41

Fryske wurknimmers binne gemiddeld langer en faker siik as wurknimmers yn Noard-Hollân en Utrecht. Dat docht bliken út ûndersyk fan it bedriuw Acture, in partikuliere útfierder fan de syktewet. It ferskil komt del op in pear dagen yn it jier. In gemiddelde Nederlânske wurknimmer is tsien dagen siik, yn Fryslân binne dat tolve dagen.

Wurknimmers yn Grinslân en Drinte binne noch faker siik as de Friezen. Neffens direkteur Maudi Derks fan Acture hat dat te krijen mei fergrizing en it legere opliedingsnivo.

Swier wurk

Minsken mei in legere oplieding, lykas boufakkers, dogge fysyk swierder wurk en rinne dêrtroch in heger risiko om siik te wurden. It hat ek te krijen mei de arbeidsmerk. "Een groter aanbod aan arbeid is zowel goed voor de economische ontwikkeling als de fysieke gezondheid van de werknemer."

Froulju binne yn trochsneed wat langer siik as manlju. "Bij vrouwen is net wat vaker sprake van psychische klachten en psychische klachten leiden tot een wat langer ziekteverzuim dan lichamelijke klachten."

Trefwurden: 
siik wurknimmers
(Advertinsje)
(Advertinsje)