Keunstwurk wol 65-plussers mear by kultuer belûke

Mei it projekt 'Tiid foar talint' moatte mear 65-plussers yn Achtkarspelen en Smellingerlân meidwaan oan keunst en kultuer. Yn it projekt fan Keunstwurk rydt fan novimber ôf in groep keunstners mei in spesjale Tiid-foar-talint bus by de doarpen del.
De doelgroep wurdt útnûge om yn eigen omjouwing en taal te fertellen wat har winsken binne. Dat moat liede ta in útdaagjend en oansprekkend kultueroanbod foar dizze groep. Keunstwurk wol ynspylje op de fergrizing, mar ek bydrage oan it 'sûn âlder wurden' fan 65-plussers.
Weardefol
Mooglik moat it oanbod wat oars, bygelyks mear oerdeis as op jûntiid. Ek is it wichtich om romte te bieden foar sosjaal kontakt. Dat kin foar guon minsken like belangryk wêze as de aktiviteit sels. It giet om alle kategoryen 65-plussers dy't noch thús wenje. Ek minsken dy't kwetsber binne of begjinne te demintearjen. Ek foar har kin bygelyks it meidwaan oan muzyk hiel wichtich en weardefol wêze.
Foar it projekt is goed in ton beskikber fan de provinsje en it fûns foar kultuerpartisipaasje. Ek de belutsen gemeenten hawwe in finansjele bydrage tasein.